Ritsma frege foar bûnscoach

© Omrop Fryslân
De KNSB hat reedrider Rintje Ritsma frege foar de funksje fan bûnscoach. Dy funksje is sûnt it ôfskie fan Ab Krook net mear beset. De bûnscoach moat de achterfolgingsploegen selektearje en begeliede en de seleksje fan reedriders foar ûnder oaren de grutte kampioenskippen, de wrâldcup en de Olympyske Spelen.
Ritsma hat it fersyk yn berie. Neffens de technysk direkteur fan de KNSB wol hy eins leaver noch in jier ride.