Oandacht Veerman skea guozzen

01 jun 2006 - 17:49

Minister Veerman fan Lânbou siket in oplossing foar de skea dy't grutte groepen guozzen dizze maitiid oanrjochte ha. De greiden fan boeren op Skiermûntseach, by Warkum en Anjum binne de lêste wiken folslein keal fretten troch de fûgels.

Yn in brief oan de Twadde Keamer freget de minister omtinken foar de skea-gefallen, in konkrete oplossing hat Veerman lykwols noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)