Aksje PvdA foar behâld feemerk

01 jun 2006 - 16:29

De Ljouwerter PvdA set him yn foar it behâld fan de feemerk yn Ljouwert. De feemerk hat mear romte nedich. It FEC is net grut genôch en dêrom is de direksje op syk nei in nije lokaasje.

De feemerk is fan grutte wearde foar de ekonomy yn Ljouwert. As hy ferdwynt, kostet dat Ljouwert hûndert banen. De PvdA wol dat it kolleezje stappen ûndernimt om de feemerk foar Ljouwert te behâlden. Drachten en It Hearrenfean soene ek gading meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)