Stellende frou byt fan har ôf

01 jun 2006 - 15:02

Op 'e Lemmer hat in frou nei stellerij yn in winkel in personielslid yn 'e hân biten. De winkelfrou wie de dievegge achternei gien doe't it alarm ôfgien wie. De klant hie ferskate dingen stellen sûnder ôf te rekkenjen.

Twa personielsleden koene de frou steande hâlde op de krusing Vissersburen-Gerben Bootsmastrjitte. Mar de winkeldievegge waard agressyf en biet ta. Se is troch de plysje meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)