GGZ Frjentsjer legionella-frij

© Omrop Fryslân
GGZ De Westerpoort yn Frjentsjer is wer legionella-frij. Yn it gebou waard yn april de legionella-baktearje oantroffen. In spesjaal bedriuw hat de wetterliedings trochspield.
De Westerpoort makke diel út fan it kompleks Akademygasthûs fan it eardere PZ yn Frjentsjer. Dat Akademygasthûs wurdt net mear brûkt. Ien buis fan de wetterlieding stie lykwols noch mei dat ôfsletten kompleks yn ferbining en dêr is de baktearje ûntstien.