Mear muskusrotten fongen

01 jun 2006 - 10:19

Foar it earst yn tsien jier binne ferline jier wer mear muskusrotten fongen. Dat skriuwt it Wetterskip Fryslân yn it jierferslach oer 2005. Der waarden mei inoar goed 35.000 rotten fongen.

Dat binne der 5000 mear as wêr't it wetterskip op rekkene hie. Ien fan de oarsaken foar de taname is de snieperioade fan begjin maart ferline jier. Doe koene der gjin fûken delset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)