Marcel Beima sterk yn Spanje

01 jun 2006 - 08:05

Hurdfytser Marcel Beima waard woansdei yn de twadde etappe fan in Spaanske rittekoers yn de provinsje Tarragona 14e. Trije ploechmaten fan Beima stiene op it poadium mei Bjorn Hoeben as winner.

Yn it algemien klassemint stiet de 22-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp op it twadde plak. Sebastian Franco, de winner fan de earste etappe, hat yn deselde tiid as Beima de liederstrui om 'e skouders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)