Sedoc nei Harkemase Boys

01 jun 2006 - 08:05

Valery Sedoc spilet mei yngong fan it nije seizoen foar sneons-haadklasser Harkemase Boys. De rappe 20-jierrige fuotballer dy't oan 'e rjochterkant oeral spylje kin, komt oer fan de FC Grins.

Sedoc begûn yn 2001 yn de jeugd fan de Grinzers. It ôfrûne seizoen waard hy mei de beloften kampioen. Geregeld siet hy ek by de seleksje fan it earste. In pear kear mocht hy meidwaan yn de basis fan trainer Ron Jans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)