Pama tekenet kontrakt by Cambuur

01 jun 2006 - 08:05

De nije direkteur fan Cambuur, Alex Pama, hat woansdeitemiddei syn kontrakt tekene. Pama is foar it grutte publyk gjin bekende namme. Yn Nederlân hie er hjir en dêr wat baantsjes yn de fuotbalwrâld foar't er mei 22 jier nei Amearika gie.

Dêr wurke er ûnder oare foar it nasjonale fuotbalbûn. Mar hy sette dêr ek syn eigen fuotbalskoalle op. Pama is no 34 jier en ta oan in nije útdaging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)