Fertocht gefal hynstesykte droes

01 jun 2006 - 07:19

Der is in fertocht gefal fan de tige besmetlike hynstesykte droes konstatearre by it hynstebedriuw Parklane Farm yn Drachten. It fokbedriuw is sletten oant in fee-arts it bedriuw wer frijjout.

Parklane Farm fokt hynders foar de drafsport. De iepen dei dy't pland stie yn juny by it Frysk Hynstesintrum yn Drachten, de buorman fan Parklane Farm, giet no net troch. De sykte komt geregeld foar yn Fryslân en Grinslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)