Waadjild ek foar lytse projekten

© Omrop Fryslân
Ek lytsere miljeu- en natuerprojekten kinne jild krije út it Waadfûns. Minister Dekker fan VROM giet dêrmei akkoart. Dekker woe earst allinnich projekten jild jaan dy't mear as in heal miljoen kostje.
Deputearre Piet Bijman fûn dit net akseptabel. Fryslân hat in tal projekten dy't folle minder as in heal miljoen euro kostje. Minister Dekker hat de subsydzjedrompel no ferlege nei 200.000 euro.