Poiesz nimt Supers Drachten oer

© Omrop Fryslân
Poiesz supermerken hat twa festigings fan Super de Boer yn Drachten oernaam. It giet om in lokaasje yn it sintrum en in winkel yn wenwyk De Wiken. De super yn it sintrum wurdt foarearst sletten om't Poiesz yn it sintrum al in festiging hat.
De winkel yn De Wiken wurdt omboud as Poiesz en sil op 22 juny wer iepen. Albert Heijn nimt de twa Konmar- winkels yn Ljouwert en Drachten oer. De winkels wurde oernaam fan Laurus.