Marcel Beima twadde yn Volta
Hurdfytser Marcel Beima fan Hurdegaryp is tiisdei twadde wurden yn de earste etappe fan de Spaanske wielerkoers Volta Cicliste Provincia Tarragona. De wedstriid giet oer goed 700 kilometer ferdield oer 5 etappes. Yn de earste etappe fan Reus nei Alcanar ûntsnapte Beima mei noch trije oare fytsers acht kilometer foar de einstreek.
Yn de einsprint wie de Spanjaard Sebastian Franco de rapste.