B&W: Nij Saailân-plan giet troch

31 maaie 2006 - 14:45

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert dogge neat mei de útslach fan it referindum oer it Nij Saailân. It referindum wie net jildich neffens de regels dy't de ried fêststeld hie.

Hoewol't twatredde fan de stimmers tsjin wie, fynt it kolleezje dat gjin reden om de plannen te wizigjen. De ried wurdt 7 juny frege te besluten om troch te gean mei it projekt. Der kin noch wol praat wurde oer de definitive ynrjochting fan it plein en de stegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)