Oanhâlding foar stellerij

31 maaie 2006 - 13:14

De plysje hat tiisdeitejûn yn in hoarekagebou op de Weaze yn Ljouwert in 34-jierrige ynwenner fan de haadstêd oanhâlden op fertinking fan stellerij mei geweld.

In tsjûge seach dat de fertochte in 56-jierrige meiwurkster út Den Haach bedrige mei in skerp ding. Hjirop it de plysje belle. De 34-jierrige Ljouwerter is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)