Oanhâlding foar riden mei drank

© Omrop Fryslân
De plysje yn Bûtenpost hat tiisdeitemiddei op de West in 61-jierrige automobilist út dat doarp oanhâlden op fertinking fan it riden ûnder ynfloed. De man hie in oanriding hân op de Skoalstrjitte mei in auto fan in frou (34) út Kollumersweach.
De man út Bûtenpost woe net wachtsje op de plysje en is fuortriden. Nei in koarte sykaksje waard de man thús yn syn wente oan de West fûn. De man syn riidbewiis is ynnaam.