Plysje ûndersiket boarnen Nawijn

31 maaie 2006 - 10:23

De plysje Fryslân is begûn mei in yntern ûndersyk nei resjersjeurs fan it korps dy't meiwurke hawwe oan it ûndersyk fan Twadde-Keamerlid Hilbrand Nawijn. Dit ûndersyk wurdt útfierd troch twa Drintse resjersjeurs.

Ald-ryksresjersjeur Akerboom prate op fersyk fan Nawijn mei trettjin Fryske plysjeresjersjeurs. De plysje wol wite wêrom't de minsken mei Akerboom praat ha. De útkomsten kinne ek gefolgen ha foar de plysjeminsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)