Kâns Alvestêdetocht wurdt lytser

31 maaie 2006 - 09:25

De kâns op in Alvestêdetocht reedriden nimt ôf. Dat seit it KNMI. It klimaat yn Nederlân sil de kommende 40 jier frijwat feroarje. De kâns op in perioade fan strange froast wurdt troch hegere temperatueren in stik lytser. Fral omdat de kâldste dagen yn de winter noch wat mear opwaarmje.

Wol wurdt it hieltiid better mooglik om it waar te foarsizzen. Dat betsjut dat de organisaasje gjin kâns mear slûpe litte hoecht om de tocht te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)