Sykje om âlde paden

© Omrop Fryslân
Der moat yn hiel Fryslân socht wurde nei ferdwûne paden, fynt it Stipepunt Monumintesoarch. Dêrfoar is tiisdei it projekt 'Oude Paden, Nieuwe Wegen' út ein set. Alde kaarten binne der noch wol, mar it giet no om wat minsken sels noch witte. Yn kultereel sintrum De Skalm yn Stiens koe elk syn ferhaal dwaan.
Yn Noardeast-Fryslân en yn Eaststellingwerf is soks alris earder dien troch Lânskipsbehear Fryslân.