Learbanen jongerein Ljouwert

31 maaie 2006 - 09:25

De gemeente Ljouwert sil 100 jongeren tusken de 16 en 23 jier oan in learbaan helpe. It giet om jongeren sûnder wurk en in diploma, ynskreaun binne by it CWI. Se krije in baan en kinne in diploma helje.

Wurkjouwers dy't in leerbaan oanbiede, kinne in no-riskpolis krije dy't de leankosten by sykte dekt. Ek krije se in belestingfoardiel. Ein 2005 hie Ljouwert sawat trijehûndert jongeren mei in útkearing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)