Den Hollander: gjin nij ûndersyk

© Omrop Fryslân
Haadoffisier fan justysje Den Hollander giet net yn op it fersyk fan it team Nawijn foar in grutskalich dna-ûndersyk yn de Vaatstra-saak. Den Hollander fynt dat der nei it eardere dna-ûndersyk ûnder 900 minsken, gjin needsaak is foar nochris in ûndersyk.
Keamerlid Nawijn en Bauke Vaatstra ha woansdeitemiddei in petysje oerlange oan Den Hollander. Dy hat Nawijn nochris frege om de ynformaasje dy't er hat. Nawijn wol dat noch oerlizze.