Skiep ek yn wenwiken Skarsterlân

30 maaie 2006 - 16:41

Skarsterlân lit as tredde Fryske gemeente skiep de bermen koarthâlde. Earder wiene Snits en Wûnseradiel dêr ek al mei út ein set. De skiep komme op plakken yn wenwiken dêr't in gersmeaner net by kin. Yn Skarsterlân giet it om de wenwiken Skipsleat en Wyldehoarne op 'e Jouwer. Dêr rinne 270 stiks skiep om.

Yn Snits wiene earder wat klachten oer skieppekeutels op de dyk. De gemeente set dêr no faker de reiniging yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)