Protest tsjin stunten mei molke

30 maaie 2006 - 13:54

It moat dien wêze mei it stunten mei molkeprizen, oars komme hieltyd mear kij op stâl te stean yn plak fan bûtendoar. De dierebeskerming en de Stichting Natuer en Miljeu oerlangje woansdei 45.000 ferklearrings oan it Sintraal Buro foar Libbensmiddels, de koepelorganisaasje foar supermerken. De ferklearrings binne tekene troch minsken dy't graach mear jild oer hawwe foar suvel as de molke fan 'greidekij' komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)