Rabobanken smite de lapen gear

30 maaie 2006 - 11:39

De Rabobanken Ljouwert en Noardwest-Fryslân sille fusearje, sa hawwe de leden moandeitejûn besletten. It nije bedriuw hjit fan 1 july ôf Rabobank Ljouwert-Noardwest Fryslan en hat 260 meiwurkers. Der falle gjin twongen ûntslaggen troch de fúzje.

De fúzje wie neffens de bankdireksje nedich om de tsjinferliening oan de klant te ferbetterjen. De nije bank hat 10.000 leden en is dêrmei de twadde Rabobank fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)