Skeel PvdA wer bylein

© Omrop Fryslân
It konflikt tusken de noardlike ôfdielings fan de PvdA en lanlik lieder Wouter Bos is moandei wer bylein. De politike top fan Fryslân, Grinslân en Drinte wie nei Den Haach ôfreizge om mei de Bos te praten oer syn stânpunt oer de Suderseeline.
Bos sei ôfrûne tiisdei by de aksje foar de Suderseeline dat er net tasizze koe dat de flugge spoarferbining tusken de Rânestêd en it Noarden der yndie komt.