Nijbouprojekt yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Oan de Sjaardemastrjitte yn Frjentsjer komt in grut nijbouprojekt. Boubedriuw Burggraaff út Ljouwert hat fan de gemeente grien ljocht krigen om te begjinnen mei de bou fan twa nije supermerken, in parkeergaraazje en in appartemintekompleks.
De supermerken en de garaazje komme yn ien gebou mei trije ferdjippings. De apparteminten komme neist it Sjûkelân. De supermerk en it postkantoar dy't dêr no steane, ferdwine.