Underskieding foar Hernamdt

30 maaie 2006 - 09:53

Froukje Hernamdt hat it Rôze Pompeblêd 2006 krigen. De priis wurdt jierliks útrikt oan persoanen dy't har ynsette foar de emansipaasje fan homoseksuelen yn Fryslân.

Hernamdt wie oant foar koart direkteur fan it Anna Blamanhûs yn Ljouwert en hat fiif jier foarsitter west fan it Homoplatfoarm Fryslân. Koartlyn waard se wethâlder yn Littenseradiel. De ûnderskieding waard sneon yn Ljouwert útrikt troch sjueryfoarsitter Brok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)