Kamielen op bouterrein

30 maaie 2006 - 09:53

In stikmannich kamielen ha moandei de bou fan in ynternetwinkel op it nije yndustryterrein fan Surhústerfean tsjinhâlden. In boubedriuw soe oan de slach mei de grûn, mar koe net fierder omdat de bisten yn it paad rûnen.

De kamielen binne eigendom fan in sirkus, en stiene dêr omdat der op it terrein fan it sirkus net genôch romte wie. Nei goed oerlis tusken de winkeleigner en it sirkus, steane de bisten yntusken in eintsje fierderop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)