Gjin ûndersyk nei ûngelok

© Omrop Fryslân
Der komt gjin ûndersyk nei it ûngelok op de Tichelwei by Eastrum. Dat hat de offisier fan justysje witte litten. Der is neffens justysje gjin strafrjochtlike reden om ûndersyk te dwaan. Wol wurdt de auto fan de slachtoffers noch ûndersocht op mooglike technyske mankeminten.
By it ûngelok kamen tongersdeitenacht fjouwer jongeren om it libben. Har auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter.