Martenahûs wachtet op behang

© Omrop Fryslân
It is noch mar de fraach oft it nije museum yn it Martenahûs yn Frjentsjer op 1 july klear is. Yn Ingelân is bysûnder, histoaryk behang besteld, mar dêr sit in lange levertiid op. De kâns is oanwêzich dat it behang net op 'e tiid komt.
It Martenahûs is de opfolger fan it Coopmanshûs. De kolleksje út dat lêste museum is ein ferline jier ferhuze nei it nije ûnderkommen. Op it stuit wurdt der drok wurke oan it ynrjochtsjen.