Reisferslach Haverschmidt fûn

© Omrop Fryslân
In studint hat yn de biblioteek fan de universiteit van Leiden in manuskript fûn fan Francois Haverschmidt. It giet om in ferslach fan in reis yn 1881. It reisferslach komt yn juny as boek út.
Haverschmidt waard berne yn Ljouwert en wie dûmny yn Foudgum. Hy is ferneamd troch de dichtbondel Snikken en Grimlachjes, skreaun ûnder it pseudonym Piet Paaltjens. Hy wurdt sjoen as ien fan de wichtichste skriuwers fan de Nederlânske Romantyk.