Brûkersromte klear
De brûkersromte foar dakleaze ferslaafden oan de Sudergrêftswal yn Ljouwert giet nije wike iepen. Nei jierren geharrewar krije de ferslaafden no dochs in romte dêr't se rêstich brûke kinne.
De gemeente sei al yn 2002 dat der sa'n romte nedich wie yn Ljouwert. Om't de ried net beslute koe wêr't de romte komme moast, hat SMO Fryslân sels besletten in romte yn te rjochtsjen oan de Sudergrêftswal.