'Oername Edah hat gefolgen'

© Omrop Fryslân
De oername fan de winkels fan Edah troch Sligro en Sperwer hat mooglik gefolgen foar it distribúsjesintrum foar diepvriesprodukten yn Drachten. Dat ferwachtsje de fakbûnen.
By it distribúsjesintrum wurkje sa'n 30 minsken. Sy hâlde har no noch foar in part dwaande mei de leverânsje oan de Edah-winkels. De ferwachting is lykwols dat der nij wurk foar yn it plak komt.