'Tempo nijbou Ljouwert omleech'

© Omrop Fryslân
It tempo fan 'e nijbou fan wenten yn Ljouwert moat wat omleech. Dat wurdt de gemeente advisearre troch Jos Herberigs fan Corporatieholding Friesland. De wenningboukorporaasje basearret har advys op de lêste befolkingsprognoses en de ridlik grutte leechstân yn Ljouwert.
It advys slút goed oan by it belied fan 'e korporaasje sels. De holding wol njonken nijbou fral de kwaliteit fan besteande wenten ferbetterje.