Baggerslib yn sânwinput

© Omrop Fryslân
Der mei baggerslib stoart wurde yn de sânwinput by Suwâld. It mei lykwols allinnich skjin oant licht fersmoarge baggerslib út Fryslân wêze.
It kolleezje fan B en W fan Tytjerksteradiel stelt dat as betingst om't der earder fersmoarge slib stoart is yn de sânwinput yn de Wide Ie. De gemeente wie dêr doe net fan op de hichte. De sânwinput by Suwâld leit oan it Van Harinxmakanaal.