Marrumer slacht fytsedieven

29 maaie 2006 - 09:53

In 35-jierrige man naam sneon yn Marrum sels twa manlju geweken, omdat dy syn fyts stellen hiene. De man hie fan in tsjûge heard wa't syn fyts stellen hiene. It gie om in 21-jierrige Marrumer en in 19-jierrige Dokkumer. Beide moasten mei ferwûnings oan de holle nei in dokter. De plysje hat oanslutend de man oanhâlden en ynsletten.

De plysje sil no de mishanneling mar ek de fytsestellerij ûndersykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)