Harkemase Boys wint beker

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys hat sneontejûn de noardlike amateur-fuotbalbeker wûn. Yn De Lieke waard Genemuiden mei 2-1 ferslein. Genemuiden kaam yn de 41ste minút op foarsprong troch Martijn Jansen. Yn de ekstra tiid fan de earste helte makke Anton Jongsma op oanjaan fan Tony Alberda de lykmakker.
Yn in grimmitige twadde helte waard Alberda de held fan 'e Harkema. Fier yn blessueretiid makke hy it winnende doelpunt: 2-1.