Frysk Ynglingsúkses yn Medemblik

© Omrop Fryslân
Op de 23ste edysje fan 'e Holland Regatta op 'e Iselmar by Medemblik ha Petronella de Jong fan Sint Jabik en Marije Faber fan Snits it brûns pakt yn 'e Ynglingklasse. It team Thies mei Brechtje van der Werf fan Snits waard fjirde. Marije Kampen fan Starum waard fyfde yn it einklassemint.
Troch dit resultaat behellen de Fryske froulju de Olympyske A-status en dat betsjut finansjele stipe foar it kommende jier.