Fertochte mishanneling oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein in 26-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan mishanneling. It ynsidint die him foar yn in horekasaak oan it Ruterskertier. Om kertier foar trijen sneintemoarn soe hy in 18-jierrige jonge út Aldegea by Drachten mei in jiskepanne tsjin de holle slein hawwe. Wêrom krekt is noch net dúdlik.
It slachtoffer waar oerbrocht nei it sikehûs. De fertochte waard oanhâlden en ynsletten foar neier ûndersyk.