Van der Molen foarsitter CDJA

28 maaie 2006 - 14:29

It Ljouwerter gemeenteriedslid Harry van der Molen(26) is sneon keazen ta foarsitter fan it CDJA. Van der Molen is al fiif jier foarsitter fan 'e Fryske ôfdieling fan it CDJA. Hy wol him de kommende twa jier ynsette foar 'moed en minsklikheid'.

It CDJA is op dit stuit tige kritysk oer it funksjonearjen fan it CDA. Neffens it CDJA hat it CDA benammen yn de stêden te min oansluting by jongerein en allochtoanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)