Alvestêdekuier wol trochgroeie

28 maaie 2006 - 14:15

Mei hast alvehûndert dielnimmers siet de kuier-alvestêdetocht dit jier al op in rekord tal dielnimmers. Mar takom jier moatte der noch ris 400 mear meidwaan kinne. Dat tinkt foarsitter Piet Wassenaar fan 'e Fryske Alvestêde kuiertocht. Dy 1500 dielnimmers is dan gelyk wol it maksikum.

By de kuiertocht fan de ôfrûne wike wiene der mar 35 útfallers. Sjoen it minne waar mei in soad rein en wyn falt dat noch ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)