Youssef 4de yn Klazienaveen

28 maaie 2006 - 13:28

Saher Youssef fan it Hearrenfean is sneon fjirde wurden op de heale maraton fan Klazienaveen. Youssef kaam oer de streek yn in tiid fan 1.10.09. De Keniaan Limo wie de rapste yn in fjild fan 400 dielnimmers.

Peter Visser wûn sneon de 34ste edysje fan 'e Lambertusloop yn Oldemarkt. De atleet út Paaslo rûn de 10 kilometer yn in tiid fan 32 minuten en 31 tellen. Heerke Postma fan De Blesse einige yn Oldemarkt as tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)