ONS spilet gelyk yn Rijnsburg

28 maaie 2006 - 12:38

ONS Snits hat de twadde wedstriid om it kampioenskip fan de haadklasse sneon gelyk spile. Yn Rijnsburg tsjin Rijnsburgse Boys kamen de Snitsers yn de 80ste minút op in 1-0 efterstân. Mar trije minuten letter makke Rudy Mann de lykmakker en it bleau ek 1-1.

Yn de earste wedtriid tsjin de IJsselmeervogels spile ONS ek al gelyk mei 1-1. Op tiisdei 30 maaie spilet ONS de tredde wedstriid. Dat is dan yn Spakenburg tsjin de IJsselmeervogels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)