454 meldings bernemishanneling

27 maaie 2006 - 17:57

Der binne ferline jier 454 meldings fan bernemishanneling binnen kommen by it AMK Fryslân. By in tredde part fan de meldings gie it om geweld binnen it gesin. It Advys en Meldpunt Kindermishandeling(AMK) komt mei mear sifers; mear as 4600 bern yn Fryslân soene tsjûge wêze fan geweld binnen de hûshâlding.

Bern dy't tsjûge binne fan geweld yn it gesin wurde nei ferrin fan tiid faak ek slachtoffer fan mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)