4 deaden by ûngelok Eastrum

27 maaie 2006 - 16:46

By in swier ûngelok op de Tichelwei by Eastrum binne yn de nacht nei freed trije manlju út Ie en ien man út Jouswier om it libben kaam. Se binne tusken de 19 en 28 jier âld.

De auto dêr't se ynsieten, is troch ûnbekende oarsaak it Dokkumer Grutdjip ynriden. In boer alarmearre om 06.00 oere de plysje om't er op de dyk in remspoar sjoen hie, mar gjin auto. Brânwacht-dûkers ha de auto yn it wetter fûn. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)