De plysje pakt ynbrekkers op

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa manlju oppakt foar ynbraken yn fjouwer skoallen en twa auto's. It giet om in 21-jierrige man út Kollumerlân en in Ljouwerter(20). De âldste fertochte waard yn april op de die betrape by in ynbraak yn in skoalle yn Ljouwert. De fertochte bekende noch trije ynbraken yn skoallen en twa ynbraken yn auto's.
De man makke 10.000 euro bút, ûnder oare oan kompjûters. De Ljouwerter die mei oan de ynbraken yn skoallen.