Gjin fierljeppen yn Burgum

© Omrop Fryslân
De iepeningswedstriid fan it nije fierljepseizoen op sneontejûn yn Burgum is yn it wetter fallen. It sânbêd yn Burgum is te wiet om feilich ljeppe te kinnen. Der waard tige útsjoen nei de earste wedstriid, omdat guon ljeppen foar it earst mei in ljep fan carbon springe soene.
It is noch net bekend wannear't de wedstriid yn Burgum ynhelle wurde kin. De earstfolgjende wedstriid is op sneon 3 juny op it Heidenskip.