Zuiverloon nei Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Gianni Zuiverloon fan Feyenoord spilet de kommende trije seizoenen foar Sportklub Hearrenfean. Beide klubs binne it juster iens wurden oer de transfer fan de 19-jierrige spiler.
It is de bedoeling dat Zuiverloon de nije rjochtsback wurde sil yn it alvetal fan trener Gertjan Verbeek. Zuiverloon waard it ôfrûne jier troch Feyenoord útliend oan RKC Waalwyk. Hy spile 28 kompetysjeduels wêryn er ien kear skoarde.