'Saailân-plannen dochs oanpasse'

27 maaie 2006 - 14:22

De plannen foar it Saailân yn Ljouwert moatte dochs oanpast wurde, ek al wie it referindum fan woansdei ûnjildich. De basis foar de plannen is te smel. Dat fynt Hindrik ten Hoeve fan de PvdA yn de gemeenteried.

Hy is as iennichste yn de fraksje tsjin de winkelwand by it Ruterskertier, de saneamde sloarf. In grutte mearderheid fan de stimmers wie woansdei tsjin de Saailânplannen. Op 7 juny praat de ried oer de útslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)