Sjoerd Hamburger wint B-finale

© Omrop Fryslân
Skiffeur Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap waard sneontemoarn earste yn de B-finale fan de wrâldbeker roeien yn München. Hamburger wûn de twa kilometer yn in tiid fan 7.05.45. Hy waard dêrmei sande yn it einklassemint. Hamburger syn grutste konkurrint Dirk Lippits waard twadde.
It is al de fjirde kear dit seizoen dat Hamburger Lippits te fluch ôf is. Nije wike roeit Hamburger it Nederlânsk Kampioenskip yn Amsterdam.